Nei it Mystearje
Nei it Mystearje
Nei it mystearje is it sanentweintichste boek yn de rige fan in fryske odyssee. Deryn is it libbensferhaal fan bouke blomhof opnommen, boer oan de fluezen by it heidenskip. Dit ferhaal is in underdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy’t allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan.
De grutte roman oer de blomhofs is de reade trie dy’t troch it gehiel rint. Yn mei it mystearje, mei russyske mystearjes, it godsmystearje, mysterieuze kreften, bertekreft, kreftfjilden, kreft fan it folk, mei gid-sen nei hichten, hege flecht, dynamyske bestimming, oergongen, swart gat en nei it mystearje wurdt it libben fan bouke beskreaun fan syn bernejierren of (1944) oant midden 2003. Mei it mystearje, der is in fryske odyssee mei begun.
Nei it mystearje, der einiget de searje mei. Yn dit leste boek komme de triedden dy’t troch de hiele rige rinne, byinoar. De auteur is mei it mystearje foar eagen nei it mystearje gongen.
Dermei hat er oan it fersyk fan bouke blomhof foldien. De fraach is oft er it mystearje fan it libben ek untdekt hat. Hy is yn elk gefal ta untdekking kommen dat de minske libbet tusken de skimmels under syn fuotstappen en de stjerren boppe syn eachopslach.
De namme fan it leste boek hie likegoed weze kinnen tusken skimmels en stjerren. Dertusken giet alles troch, ek nei it mystearje oan de ein fan in fryske odyssee.
Producteigenschappen:
Meer informatie
Bekijk ook
Haatzaaiers
nieuw rechtse groepen slagen erin jongeren te rekruteren, op te leiden, te mobiliseren en te active...
Het huis
in dit boekje komt het huis tot leven! wandel samen door elke kamer en leer de namen van alle spull...
Eat to beat: Cholesterol
volgens de cardiologische liga heeft bijna 50% van de belgen last van een te hoge cholesterol. in n...
Scheikunde aan het front
wist je dat scheikunde belangrijk is in een oorlog? chinese scheikundigen ontdekten in de negende e...
