Famke famke
Famke famke
€ 22,50
aam is in famke fan santjin dat net efter de keppel oan hobbelet; se lest couperus - yn 2012 - en tinkt nei oer wat se lezen hat, dreamt har in bettere wrald. se wennet mei har heit op 'e pole, tegearre allinnich 'in the middle of nowhere'. by haije alkema, har learaar nederlansk, hat aam in fin mear as in bears. haije hat yn trije desennia net sa'n treflike learling han. oant koartlyn hat er har mentor west, mar har begeliede dat slagget langer net as it lesjaan him jimmer swierder falt, as in labilens him oppenearret, as it ferline him ta ferantwurding ropt... yn 1973 hat er op it ferkennende paad fan de iere leafde in fatale misstap makke; dy faze yn syn libben hie er weistoppe, mar dan is der ynienen lisabel, dy't, doe't se santjin wienen, wol wat mei him ha woe... wat mislearre fanwegen saapke, in hynstefamke dat wat rukte, en erasmus lies, meiprate koe oer keunst, haije syn passy neist literatuer, doe ek al... en syn oandacht krige. famke famke is in meinimmende en yntrigearjende psychologyske roman, in ferhaal dat him geandewei uwikkelet yn de twa tiidslagen der't de lezer haije folget yn syn dwaan en foaral ek tinken; yn de even haadstikken, as haije as santjinjierrige syn fleislike lusten utwierret, allegeduerigen, obsessyf omtrint; en yn de uneven haadstikken, as er mids fyftich is en in griis hat fan syn eartiidske seksuele preokkupaasje. de lezer wurdt ynwijd yn it werom fan haije syn omslach, in ferslach net sunder spanning, mei in untknoping... de lezer wurdt al lezend nei de ein dreaun. ale s. van zandbergen debutearre yn 2013 mei de roman littenser merke. yn 2014 krige er der sawol de rink van der veldepriis (beste fryske proaza-boek) foar as de douwe tammingapriis (beste debut). it boek kaam ek op de shortlist foar de gysbert japicxpriis 2015.
Producteigenschappen:
Categorie
Boeken
Beschikbaarheid
EAN
9789492457080
Bezorginformatie
2 - 3 Werkdagen
Categorie
Boeken
Titel Boek
Famke famke
Auteur
Ale S. van Zandbergen
Genre
Reizen & vrije tijd
Taal
Nederlands
Artikelnummer
9789492457080
Meer informatie
Bekijk ook
Vloedvormer
tien jaar na het einde van de oorlog geniet het land weltryck van een ongekende voorspoed. de jonge...
€ 21,99
Tao en de kunst van familieopstellingen
geheel herziene 3e druk - uitgave met 16 extra pagina's. de juiste innerlijke houding van de opstel...
€ 29,95
Johannes Vermeer
over de persoonlijkheid van johannes vermeer, een van de beroemdste nederlandse schilders uit de 17...
Een boek vol vieze weetjes over je lichaam
heb je altijd al meer willen weten over de luizenfamilie die op je hoofd woont? en wist je dat er b...
€ 19,99
