De Koalmasaak
De Koalmasaak
Haadresjersjeur alema docht syn wurk mei nocht en is der folslein mei besteld. Hy giet der sa yn op dat er gauris te let thus is mei iten en net mear op e hichte is fan wat der thus bart. Syn frou els hat der op in stuit har nocht fan, siket in flat en freget de skieding oan.
Alema is folslein fan it sintum en hie it net oankommen sjoen, al hoe skerp er yn syn wurk oars altyd is. Lokkich is der ek wer it wurk dat him der trochskuort. Hy hat in frjemde saak by de kop.
Boate koalma, direkteur fan koalma konstruksjes, hat him deariden tsjin in beam. It liket in ungelok, mar as de notaris him yn fertrouwen fertelt dat koalma koartlyn in frjemd testamint opsteld hat mei de tekst myn moardner erft my hiele besit, duke hy en syn meiwurkster wytske der djip yn, alema sels justjes te djip. De moaie widdo fan koalma, marte, wynt alema handich om har mysterieuze finger en wytske begrypt soms net mear wat se oan alema hat.
Dizze plysjeroman, spyljend yn de regio hearrenfean, is skreaun yn in noflike styl, mei in protte humor. De ein is tige ferrassend en it boek sit knap yn elkoar.
Producteigenschappen:
Meer informatie
Bekijk ook
De Vleugel van Bach
ireen, heiko en ludwig hebben een leven lang op de echte liefde moeten wachten. hun lot wordt bepaa...
Compositie in landschapsfotografie
landschapsfotografie lijkt makkelijk, maar dat is het niet. hoe geduldig het landschap ook is, het ...
Morgen bloeien de abrikozen
morgen bloeien de abrikozen verscheen voor het eerst in 1954 en beleefde vele herdrukken. de meeste...
En niemand weet
‘en niemand weet’ is alweer de zesde gedichtenbundel van ingrid e. noppen, die in het jaar 1951 in ...
